MINI PLAY BACK SHOW en STJERRENSHOW
YN 'E BRIO
DESIMBER 2011
As dizze BRIO by jo troch de bus falt duorret it net sa lang mear oant 28 jannewaris, de datum yn 2012 fan de Mini Play Back Show en Stjerreshow. Op it stuit, dat ik dit skriuw
(31 jannewaris) binne der noch gjin opjeften. Ik hâld lykwols goede moed en hoopje, dat
wy der op 28 jannewaris in moaie dei fan meitsje kinne.
Wa’t meidwaan wol soe ik fersykje wolle om him/har sa gau as mooglik op te jaan,
yn elk gefal foar 20 jannewaris. Dernei slút it ynskriuwen en meitsje ik it programma ensafuorthinne, as beslút ik, dat it net trochgean kin. Dat lêste hoopje ik fansels net mar it
is oan jim!
De Mini Play Back Show begjint middeis om healwei twaën en wurdt foar de 24e kear hâlden. Ik hoopje der tegearre mei de bern fan I.B.S. “It Kampke” wer in geweldich pro-gramma fan te meitsjen, dat de hiele middei yn beslach nimme sil. De bern diel ik yn twa groepen yn: oant en mei groep 5 en de groepen 6 oant en mei 8.
Ik soargje foar de organisaasje, de bern foar de show en ik hoopje fansels dat jo massaal komme om te sjen!
De Stjerreshow wie al ienentweintich kear earder in sukses en ik hoopje no, dat dat nei
ôfrin fan de 22e kear ek sein wurde kin. Tegearre mei it winnende nûmer fan de âldste bern fan de Mini Play Back Show sil ik besykje om der wer in moai programma fan te meitsjen.
Sa as altyd is it publyk de sjuery en Sjaak Betjes sil it programma wer oan elkoar prate.
Ik hoopje en ferwachtsje, dat de seal wer fol sitte sil en dat der wer in protte Terhernsters op
it poadium stean sille. De jûn begjint om 20.00 oere.
Dielnimmers kinne harre opjaan by Auke Bijlsma (Buorren 78), it leafst oerdeis, mei
de namme fan de artyst en it nûmer. Ik ha it leafst de cd der daliks by.
Auke Bijlsma (tillefoannûmer 689698).
FEBRUARIS 2007
Al wer foar de tweintichste kear wie op sneontemiddei 27 jannewaris de Mini Play Back Show, foar it fuotljocht brocht troch in grutte groep fan yn totaal 36 Terhernster skoalbern. Sa as wênst hie ik harren ferdield yn in groep A (skoalbern oant en mei groep 5) en in groep B (de bern fan de groepen 6, 7 en 8).
It programma waard wer oan elkoar praat troch master Sjoerd Mulder, wylst in betûfte sjuery de drege taak hie om alle nûmers te beoardieljen en dêr ek noch in nûmer 1, 2 en 3 út te heljen. Dizze sjuery bestie út Pieter Engelsma fan Grou, Joke Postma fan Nijemardum en Hilde v.d. Werf fan De Gerdyk.
De bern brochten in programma, dat útienrûn fan Kinderen voor Kinderen oant Elton John, fan Jan Smit oant K3 (eins K4) en fan Fergie oant Shakira en de Sugababes.
By groep A wie Ramona v.d. Wal de winner as Ciske de Rat mei “Ik voel me zo verdomd alleen”. De twadde priis wie foar Janneke en Ellen v.d. Weide en Joanne Smit. Sy diene as de Popgirlz it nûmer “Jump” en sprongen der op los! De tredde priis wie foar Tim de Vries, dy’t as Beertje Paddingthon it nûmer “Houtjestouwtjes jas” fertolke.
By groep B wie Geesjen Postma de winner. As Ruth Jackott fertolke sy it nûmer “Hartslag”. De twadde priis wie foar Conner van Hulten as Eminem mei it nûmer “Just lose it” en de tredde priis waard wûn troch Ellis Heddema as Christina Aguilera mei it nûmer “Hurt”. De ôfslúting by groep B wie bysûnder, om’t in grutte groep bern, dy’t earder allinnich in nûmer diene en elkoar min of te mear bestriden foar de prizen, it nûmer “Smack that” fan Akon ft. Eminem mei elkoar brochten.
Behalve de bekers en medaljes foar de priiswinners, wie der foar elke dielnimmer in faantsje as herinnering oan dizze tige slagge middei.
Jûns wie foar de njoggentjinde kear de Sterrenshow. It tal opjeften wie wat minder as eardere jierren, mar mei in iepeningsnûmer en it winnende nûmer fan de middeis by groep B (de âldste bern) kaam ik dochs op 14 nûmers. Dat wie te min om yn trije groepkes te ferdielen en dêrom wiene der twa blokjes fan 7 nûmers. De presentaasje wie yn hannen fan Sjaak Betjes en dy sette fuortendaliks de toan mei it oereidzjen fan it totale programma op de melody fan “Knoopkes” fan Piter Wilkens, begelaat troch Sipke Vos en iksels. It winnende nûmer by de Mini Play Back Show Groep B fan Geesjen Postma kaam nochris foarby en doe wiene de âldere Terhernsters oan bar om harren kinnen sjen te litten. Dat run útien fan Klaas Jânsma, op syk nei de reed nei Easterlittens, oant Luv en André Hazes & Paul de Leeuw mei it nûmer “Droomland”. Dit lêste waard hast in nachtmerje om’t de ferkearde cd ynlevere wie en de goede noch efkes fan hûs helle wurde moast. Doe hiene wy dochs noch in ekstra (koart) skoft! Der wiene grutte groepen (De Terhernster Gospelsjongers, De Toppers,
Henkie en The Fratellis) en lytse groepen (Fan Alles Wat en Boudewijn de Groot & Willeke Alberti) en ienlingen (Doede Veeman).
Al mei al in tige slagge jûn, werfan it publyk fûn, dat Martsen v.d. Bij, Rinse Kleefstra en Wietse Dijkstra de beker hawwe moasten. Sy diene it nûmer “Say love” fan Paul Steward, in kompilaasje fan ferskillende bekende nûmers. Sy krigen 29 stimmen fan it publyk. Net minder, mei 25 stimmen twadde, wie Aletta Leemburg as André van Duin mei it nûmer “Als je huilt”.
Nei ôfrin fan it programma waard der noch oant yn de lytse oerkes dûnse en feest fierd mei de muzyk fan “Big Deal”.
Ferslach Fan Auke Bylsma
Publikaasje Yn de Brio fan Februaris 2007