Bêste bern en âlders,
It programma foar de Mini Play Back Show op oansteande sneon, 28 jannewaris 2012 is klear en it programma is definityf . Elk kin mei dit programma mar rekken hâlde mei wannear't hy of sy oan bar is. Ik ha besocht om sa folle mooglik rekken te hâlden mei elkenien. Wy begjinne sneon om healwei twaën. De bern dy't it earst op moatte, wurde om ûngefear healwei ienen yn "de Buorkerij" ferwachte, sadat sy op 'e tiid schmynkt wurde kinne. De yngong foar de dielnimmers is troch de foardoar en daliks de treppen op. Hâld jim hjiroan! Fanút de seal, en oarsom fansels, kinne wy lâns de opgong links fan it poadium. Op dizze wize hoege wy net mear troch de keuken fan “de Buorkerij”. Yn ferbân mei de romte op de schmynk-keamer wol ik oan de âlders freegje om safolle as mooglik is nei it ôfleverjen fan jim bern nei de seal te gean en net op de schmynk-keamer omhingjen te bliuwen. Hoe goed bedoeld soms ek.
De nûmers twa, trije, fjouwer, ensfh. wurde ek al gau ferwachte nei healwei ienen. Elkenien moat dus op 'e tiid, rom foardat sy op it poadium moatte, oanwêzich wêze yn de schmynk-keamer boppe de foarkeamer fan "de Buorkerij". Op dizze wize hawwe ús schmynkers:
Matsje
Lutske
Carolus de tiid om jim in kleurke op it gesicht of sa te dwaan. Hawwe jimme spesjale winsken, nim dan efkes kontakt op mei Lutske (689603), mar doch dat wol foar kommende tongersdei. Ferklaaie kin yn de foarkeamer. As jim grutskalich schmynkt wurde wolle, bygelyks de earms en skonken, nim dan yn it foar efkes kontakt op mei Lutske. Dan kin sy der rekken mei hâlde. Foar de skonken soene jim panty’s brûke kinne! Foar de klean moatte jim sels soargje. Komme jimme der net út dan is de Toanielútlien op 'e Jouwer in goed alternatyf. Of jim moatte sels oan it naaien. Foar it schmynken is it handich om in foto mei te nimmen fan de artyst, dy't jim útbyldzje wolle.
Oefenjen:
Freedtemiddei kin der oefene wurde. Lyk as ferline jier woe ik dit strak organisearje. Om healwei fjouweren ( 15.30 oere.) is der gelegenheid ta oefenjen foar de bern yn groep A. It ferske kin ien kear trochnommen wurde yn de folchoarder sa't dat ek op it programma stiet. Dan kinne jimme efkes oan it poadium wenne. Kom dus safolle mooglik daliks út skoalle wei nei "de Buorkerij", dan kinne wy alles flot efterinoar trochnimme. It fersyk derby is om net langer as nedich is yn "de Buorkerij" omhingjen te bliuwen. Foar groep B is der gelegenheid om te oefenjen om healwei fiiven. ( 16.30 oere) Dit is ek yn de folchoarder sa't dat op it programma oanjûn stiet. Ek foar dizze bern jildt dat it nûmer ien kear oefene wurde kin om efkes oan it poadium te wennen. Ek hjir jildt it fersyk om net langer as nedich is omhingjen te bliuwen.
De sjuery bestiet dizze kear út:
Renske Bijlsma
Willem Huisman
Michiel de Boer
It programma wurdt oan elkoar praten troch:
Stefan de Lange
Dit is de 24ste Mini Play Back Show. Wy hoopje dat it wer krekt sa slagje sil as de ôfrûne 22 kear. Ik doch yn elts gefal myn bêst. Ik wit dat jim dat ek dogge.
Noch ien fersyk: Hingje net foar of op it poadium om, ek net yn it skoft. Gean rêstich sitten! Want it is hiel ferfelend foar de bern dy't optrede as der allegearre bern foar en heal op it poadium omsweve. Ek foar de sjuery is dat hiel ferfelend.
Bêste âlders, tink om jim eigen bern! Nim nei ôfrin sa folle mooglik jim eigen klean en sa wer mei nei hûs.
Wa’t de CD noch net brocht hat wol ik freegje dit sa gau as mooglik te dwaan.
Mocht der noch eat te freegjen wêze, nim dan rêstich kontakt op mei:
DIELNIMMERS