SKIEDNIS

 

          

 

 

 

                                              

          IT UNTSTEAN  FAN DE  TERHERNSTER                 MINI  PLAYBACK   SHOW  EN  STERRENSHOW

                             

                                               

 

Ein 70-er en begjin 80-er jierren hiene wy in groepke Terhernsters, dy’t alle jierren yn de simmer it Rûne Pôle Festival organisearren. Dit wie in feest op it eilantsje de Rûne Pôle, oan de Meinesleat efter Terherne, sûnder stroom en dus mei   akoestyske muzyk.

It groepke Terhernsters, dat it festival organisearre, neamde harsels it Rûne Pôle Festival- komité. Doe’t der ris wat jild oerbleau fan de ferkeap fan bier en skroeifleis  betochten wy, dat wy yn de winter ek wolris wat organisearje koene. Sa hawwe wy in tal muzykjûnen hân op de boppeseal fan kafé Zevenwouden en ek ris in talintejacht fan Fryske konferensiers. Mei dat lêste hellen wy sels de krante en Omrop Fryslân.

It komité bestie doe út Theunis v.d. Meer en Hermien v.d. Meer, werfan Theunis  de man wie fan it kreatyf betinken fan aktiviteiten, ik de man wie fan de organisaasje en Hermien oer alle boegen meiholp.

Yn 1987 betochten wy, dat it wolris aardich wêze soe om foar de skoalbern in  Mini Play Back Show te organisearjen. Op 31 oktober 1987 wie it safier en der  wiene doe fuort 25 skoalbern, dy’t 18 nûmers foar it fuotljocht brochten. In grut grut sukses, mar it soe mar ien kear en dêrnei soene wy wer wat oars betinke.

In jier letter fregen de bern my om nochris in Mini Play Back Show te organisearjen en om’t wy noch neat oars betocht hiene koene wy wol beslúte om it nochris te dwaan. De twadde kear waard pland op 28 jannewaris 1989 en doe  hawwe wy de dielnimmers foar it earst ferdield yn in groep A (de bern oant en mei groep 5) en in groep B (de bern út de groepen 6/7/8). Wy hiene leard fan de earste kear en it waard wat profesjoneler oanpakt mei û.o. in goede ynstallaasje en offisjele programmaboekjes.                  

Doe’t ik op 3 jannewaris 1989 by Hessel v.d. Bij op ‘e jierdei wie giene dêr stimmen  op om jûns wat te organisearjen foar de âlderen. Dyselde jûns wiene der al in pear dy’t harren oanmeldden! Mar dat wie net genôch fansels en in publikaasje yn de BRIO,  om dielnimmers te werven, siet der ek net mear yn. Ik ha doe tasein, dat as ik by it feest fan de volleybal-feriening genôch dielnimmers fine koe, ik it organisearje soe. Dat feest wie op 14 jannewaris en ik bin healwei de jûn, doe’t elk al in  gleske bier hân hie, de seal yn ‘e rûnte gien. Dat levere in hiele protte dielnimmers op, werfan inkelden de oare moarns ek al wer ôfseine mar yn totaal bleau der genôch dielname oer. Dat ik ha de Sterrenshow, sa’t wy de jûn doopt hawwe, der hals oer de kop ek noch by organisearre. Der wiene úteinlik 45 dielnimmers, dy’t 22 nûmers brochten.

Dat wie it begjin fan myn sizzen, dat ik dit evenemint organisearje soe salang’t der      dielname en belangstelling foar is. Oant de dei fan hjoed is dat sa. Theunis en Hermien  binne op in bepaald stuit ôfheakke om’t sy fûnen, dat wy wer ris wat oars organisearje  moasten. Mar kreative gedachten dêroer bleaunen ek út. Hermien soarge  jierrenlang foar it foarmjaan en printsjen fan de programma’s.  Tsjinwurdich docht Hetty  dat. 

Lange jierren ha ik alle nûmers yn de goede fochoarder op ien bân setten. setten.  Wol maklik fansels by de shows sels, mar in hiel krewearjen om it safier te krijen. Tsjinwurdich levert elk in CD yn en dy spylje ik no ien foar ien ôf. Wol sa maklik en it skeelt wol hast twa dagen opnimmen.

Fansels kin de playbackshow ek net sûnder it team oan meiwurkers dat alle jieren wer soarget foar de schmink, it hier, it ljocht, it podium, de foto's, de video, it oppassen op é bern en de presentaasjes fan beide shows. En as wy ús Doarpshûs "de Bourkerij" net hienen, wie der ek gjin playbackshow.

De webside der't jo no op  binne wurdt sponsere troch Sjaak Betjes.      Webdesignforeveryoung hat de side makke en hat ek it ûnderhâld.

No, yn 2010 , hawwe wy de 23ste Mini Play Back Show en de 21de Sterrenshow  efter de rêch. It is sa staardichoan in winterske feestjûn fan formaat wurden,  der’t elk wer nei útsjocht. Ik jou it noch wol in pear jier! 

Auke Bylsma

                                             

                                                         

 

TOP

 

                                                            WEROM NEI YNFO